Sibon rêdt punt foar It Fean

© aw.foto.nl
SC Hearrenfean is der net yn slagge om fan RKC Waalwyk te winnen (1-1). Yn de earste helte spilen de Friezen yn in te leech tempo en wie RKC de boppelizzende party. Yn de 12e minút iepene Geoffrey Castillion de skoare (0-1).
It kantelpunt yn de wedstriid wie it ynbringen fan Gerald Sibon. De rûtinier siet foar it earst wer by de wedstriidseleksje en wie daliks beslissend mei in fenomenaal doelpunt. It hie noch moaier wêze kind, mar in lob fan Sibon spatte op de latte.