Arjan Stroetinga wer de rapste

© aw.foto.nl
Arjan Stroetinga hat syn tredde winst op rige yn de KPN Maraton Cup binnen. Yn Haarlem wie de reedrider fan Waskemar wer ris de rapste yn de massasprint. Ploechmaat Christijn Groeneveld waard twadde, Ingmar Berga tredde. Foar de BAM-Univé ploech in moai súkses
Earder op de dei wûn ploechmaat Jorrit Bergsma de 5000 meter op de wrâldbeker yn it Russyske Tsjeljabinsk. Snein rydt Arjan Stroetinga de 5000 meter yn Assen. Dêr kin er him pleatse foar de seleksje ein desimber foar de twadde searje fan de wrâldbeker.