Twadde winst froulju Snits

De follybalsters fan Snits ha de twadde oerwinning fan it seizoen te pakken. Tsjin Amstelveen waard yn de Snitser sporthal mei 3-2 wûn, mar it moast foar de helsdoarren weikomme. Dat jouwe de setstannen ek oan: 19-25, 25-16, 25-15, 17-25 en 18-16.
De manlju fan Snits, koprinner yn de earste divyzje, ferlearen yn Hoogeveen de topper tsjin Olhaco mei 3-1. De ploech stiet noch wol earste.