Superieur ONS wint mei 5-0

19 nov 2011 - 17:23

Haadklasser ONS Snits spile op eigen fjild tsjin Nunspeet. Yn de 32e minút iepene Chris de Wagt de skoare. De twadde helte waard in doelpuntefestijn mei in superieur ONS Snits.

Benammen Martijn Roosenburg hie it fizier op skerp. Hy sette de Snitsers op in fertsjinne 3-0 foarsprong. Cutrick Gonzales tekene foar de 4-0. Ferdigener Ale de Boer makke it feest kompleet troch de 5-0 op it skoareboerd te setten.

Drachtster Boys ferlear kânsleas fan Staphorst mei 4-0. De Drachtsters stean noch altyd stiif ûnderoan en hearre no by de degradaasjekandidaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)