Fuotbalfroulju winne EK-pot

19 nov 2011 - 16:47

Sneontemiddei spilen de Oranje fuotbalfroulju yn Ivancna Gorica tsjin Slovenië. Oranje wûn mei 2-0 en stiet no boppe-oan yn groep 6.

Ynset fan dizze kwalifikaasjerige is pleatsing foar it EK 2013 yn Sweden. Yn de 31e minút sette Kirsten van de Ven Oranje op foarsprong. Chantal de Ridder wist krekt foar it einsinjaal de wedstriid yn it slot te goaien. Yn de seleksje sitte ûnder oare de Hearrenfeanspylsters Marije Brummel, Nangila van Eyck en Sherida Spitse. Tongersdei 24 novimber stiet de wedstriid tsjin Kroäsië op it program.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)