Kneppelfreed-feest ôfsluten

19 nov 2011 - 16:37

Yn Boalsert is sneon de betinking fan Kneppelfreed feestlik ôfsletten. It is dit jier 60 jier lyn dat der by de rjochtbank yn Ljouwert striden waard om de erkenning fan de Fryske taal yn de rjochtbank.

Sechtich dagen lang hat der omtinken west foar dit barren. Sneon wiene der in grut tal aktiviteiten yn Boalsert en middeis wie in grutte optocht mei muzyk. Foaroan yn de optocht rûn sterke man Wout Zijlstra mei twa molkbussen mei dêrop 'molke' en 'sûpe' skreaun. Dizze Fryske wurden wiene 60 jier lyn de reden wêrom't it taalkonflikt ûntstie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)