Judoka De Jong 7e op EK

19 nov 2011 - 15:20

Judoka Wytze de Jong út Dearsum hat op it EK judo ûnder de 23 jier yn de klasse oant 66 kilo in 7e plak behelle. Yn it Russyske Tyumen wist de Nederlânsk kampioen fan 2010 twa partijen winnend ôf te sluten.

De Jong fersloech de Kroaat Denis Becic en de Italiaan Enrico Parlati. Hy wie lykwols net opwoeksen tsjin de Poal Grzegorz Lewinski en ek yn de werkânsing tsjin de Hongaar Zsolt Gorjanacz wist er net te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)