Jorrit Bergsma wint 5000 meter

19 nov 2011 - 14:16

Jorrit Bergsma hat yn it Russyske Tsjeljabinsk de 5 kilometer wûn. De Nederlânske kampioen op dizze ôfstân die dat yn 6.18.74 en bleau dêrmei Sven Kramer in lytse twa sekonden foar (6.20.60).

Kramer waard twadde en Bob de Jong makke it Nederlânske poadium kompleet. Douwe de Vries einige mei 6.27,65 op it tsiende plak. It wie foar Sven Kramer it earste optreden op in ynternasjonale wedstriid nei syn lange blessuere. Europeesk- en wrâldkampioen Ivan Sobrev waard alfde yn 6.28.71.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)