Liet Ynternasjonaal útferkocht

Liet ynternasjonaal © Council of Europe, Sandro Weltin
De 22-jierrige Janna Eijer fan Jobbegea sil har ynternasjonale debút by Liet Ynternasjonaal meitsje foar in folle seal mei 1350 taskôgers. Noch nea yn de skiednis hawwe safolle minsken nei it muzykfestival foar minderheidstalen sjoen.
It teater fan it Italiaanske Udine is folslein útferkocht. De takomst fan it festival Liet Ynternasjonaal liket der dan ek goed út te sjen, sa waard dúdlik út de gearkomste dy't freed hâlden is. Liet Ynternasjonaal 2011 kin on-line folge wurde fia de stream fan Radio Onde Furlane. Nei it sjongfestival kin op de website fan Liet stimd wurde foar de publykspriis.