Ljouwerter drankrider oppakt

19 nov 2011 - 13:51

In 33-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon yn syn wenplak mei tefolle drank op oanholden. De man ried op de Jan van Scorelstrjitte en waard dêr troch de plysje oan de kant setten.

Op it momint dat de plysje nei de auto fan de fertochte rûn gie de Ljouwerter op de achterbank sitten en woe hy de autogordel omdwaan. By syn oanhâlding waard de man lulk. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)