Philips partner yn Campus

19 nov 2011 - 13:40

Philips hat de de nije University Campus Fryslân yn Ljouwert frege in technology akademy op te setten. Dat makke heechlearaar-bestjoerder Frans Zwarts fan de Campus freed bekend by de iepening fan dy campus.

Philips wol in saneamde Academy of Technology dêr't studinten ek yn de kunde komme mei it bedriuw. Philips hat yn Drachten in grut ûndersykssintrum dêr't se al hiel lang sa'n fyftich fakatueres ha dêr't se mar gjin minsken foar fine kinne. De nije akademy moat der foar soargje dat Philips genôch kwalifisearre minsken krije kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)