Tachtich dowen stellen

19 nov 2011 - 13:23

It libbenswurk fan dowehâlder Anne Bruinsma fan Berltsum is yn de nacht fan freed op sneon yn in pear oeren tiid ferneatige.

Unbekenden stielen sa'n 80 seldsume Jan Aardendowen út de hokken efter de wente fan Bruinsma oan de Mulseleane. Bruinsma trapearre de dieven midden yn 'e nacht, doe't er weromkaam fan in priisútrikking ter eare fan syn prestaasjes yn de dowesport. De dowehâlder tinkt sels dat de wearde fan de 80 dowen tusken de 35.000 en 40.000 euro leit. De plysje siket tsjûgen dy't mear sjoen hawwe fan de stellerij. De dieven binne fuortriden yn in auto mei in wyt kenteken, neffens Bruinsma. Hy hâldt rekken mei dieders út East-Europa.

Trefwurden: 
Berltsum dowen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)