Jonge ferwûne by eksploazje

19 nov 2011 - 12:24

In 15-jierrige jonge út Harns is freedtejûn yn Starum slim ferwûne rekke troch in eksploazje.

It slachtoffer wie mei freonen by in wenning oan de Kooiwei in fjurke oan it stoken. It brûken fan waskbenzine soarge foar de ekploazje en dêrby rekke it ûnderlichem fan de Harnzer yn de brân. Syn freonen wisten it fjoer út te krijen. De jonge is oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
eksploazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)