CO2 foar fergassen guozzen

19 nov 2011 - 11:03

Steatssektaris Bleker fan natuer wurket oan in foarstel dat it mooglik makket om CO2 brûke te meien foar it fergassen fan guozzen yn lânbougebieten dêr't de fûgels oerlêst feroarsaakje.

Bleker sei dat freedetejûn op in CDA-byienkomst yn Heech dêr't fragen steld waarden oer guozze-oerlêst yn Súdwest-Fryslân. Neffens de steatssektaris leit der in akkoart tusken lânbou-organisaasjes en bistebeskermers dat yn bepaalde perioaden fan it jier guozzen ôfmakke wurde meie. It brûken fan CO2-gas soe dêr de meast bistfreonlike manier foar wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)