Cambuur wint rom by Telstar

18 nov 2011 - 21:55
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin Telstar mei 5-2 wûn. Dy romme sifers fertelle net dat it hiel lang spannend wie. Johan Plat sette de thúsploech op foarsprong, Oguzhan Türk makke daliks dêrnei de moaie 1-1. Yn de twadde helte kaam de 2-1 fan Sead Mazreku. Melvin de Leeuw en Charles Dissels setten de Ljouwerters krekt foar it oere op 2-3. Nei de eigen goal fan Jerold Promes yn de 81e minút wie it ferset fan de ploech út Velsen brutsen. Bob Schepers wie de lêste Ljouwerter skutter.

Cambuur klimt troch de sânde winst fan it seizoen nei it tredde plak mei 23 punten út 13 wedstriden. Fier dêrboppe stean koprinner Zwolle mei 32 punten en Eindhoven mei 29 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)