Twa ton foar bedriuw PureGreen

© Omrop Fryslân
It bedriuw PureGreen Technologies krijt fan de provinsje hast twa ton subsydzje foar de fierdere ûntwikkeling fan oazongeneratoaren. Dy wurde brûkt by it suverjen fan wetter. Oazon kin ûnder oaren resten fan medisinen en pestisiden ferwiderje.
Ek de Europeeske Uny, it ministearje fan ekonomsyke saken en it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân leverje in bydrage oan it projekt. As alles slagget dan krijt PureGreen tagong ta in nije merk. As it groeit kinne ek oare bedriuwen hjir fan profitearje.