Nekklachten nei botsing Dokkum

18 nov 2011 - 20:30

By in oanriding op de rûnwei-west yn Dokkum is freedtemiddei in frou fan 21 jier út Ternaard ferwûne rekke. De frou remme ôf foar in rotonde. Troch de leechsteande sinne seach de bestjoerder achter har dit te let.

De man fan 50 út Rinsumageast koe in oanriding net mear foarkomme. De frou út Ternaard is mei klachten oan de nekke nei it sikehûs fan Dokkum brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)