Waarm wolkom Willem Alexander

© Omrop Fryslân
Kroanprins Willem-Alexander wie freed twa oerkes yn Snits. Hy iepene yn de wyk Noorderhoek in revolúsjonêr wettersuveringssysteem. In projekt dêr't de prins sels nau by belutsen is.
Yn de wyk wurdt it ôffalwetter út húskes en húshâldlik ôffalwetter apart ôffierd. In lokale suveringsynstallaasje midden yn de wyk makket alles dan wer skjin. De bewenners fan de wyk fine it prachtich, mar it gie har freed allinnich mar ien ding: Willem-Alexander.