Mear fraude ynternetbankieren
Skea troch fraude mei ynternetbankieren nimt hieltyd mear ta. De earste helte fan dit jier is de skea by banken troch phishing al 11,2 miljoen euro. De Nederlânske Feriening fan Banken is dêrom in kampanje begûn tsjin dat saneamde phishing.
In kampanjefilmke moat minsken bewust meitsje fan de gefaren fan phishing. Minsken krije geregeld e-mails dy't fan de bank lykje te kommen. Meastal wurde se dan nei in falske website laat. Kriminelen angelje dêr nei persoanlike gegevens. Ek de Friesland Bank ûntduts in falske site.