Soargen oer nij natuerakkoart

18 nov 2011 - 16:51

De kwaliteit fan de natuer wurdt hurd minder troch it nije akkoart dat de provinsjes mei it Ryk sletten ha. De maatregels soargje derfoar dat planten en bisten minder goed beskerme binne. Dat stiet yn in rapport fan it planburo foar de leefomjouwing.

It Ryk wol foars besunigje. Taken wurde ôfstjitten nei de provinsjes dy't dêr sels jild yn stekke moatte. Dat sil gefolgen ha foar it plattelân hjir. De provinsje hat dêr ek grutte soargen oer. Takom wike wurdt der oer it akkoart praat yn de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)