University Campus iepene

© Omrop Fryslân
De University Campus Fryslân makket goeie kâns op it fersoargjen fan in masteroplieding meartaligens. Heechlearaar-bestjoerder Frans Zwarts fan dy UCF hat dêr goeie hoop op. Hy sei dat yn Ljouwert by de start fan de University Campus Fryslân. Dat is in gearwurkingsferbân fan kennisynstellings lykas Wetsus, de Fryske Akademy, de Ljouwerter hegeskoallen en fjouwer universiteiten.
Dy gearwurking moat liede ta ûnderwiis en ûndersyk op universitêr nivo. It is lykwols gjin universiteit. Freed waard ek bekend makke dat der in lanlike kampanje komt om minsken sa fier te krijen dat se wettertechnology studearje sille yn Ljouwert.