Stopljochten better ôfstimd

18 nov 2011 - 15:47

Fytsers kinne fan freed ôf yn Ljouwert hurder trochride op de krusing Aldlânsyk/Dunantwei. De fytsrûte om de stêd út te kommen duorre langer omdat de ferkearsljochten net op elkoar ôfstimd wiene. Dat is no oanpast. Ek steane de ljochten fan no ôf langer op grien. Sa krije fuotgongers ek langer de tiid om oer te stekken.

Takom wike woansdei wurdt in omlieding ynsteld foar fuotgongers en fytsers yn de noardwest-hoeke fan it Drachtsterplein. Dat is nedich omdat kabels en liedingen ferlein wurde moatte. Letter wurdt ek de riolearring fernijd. De omlieding duorret oant mids takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)