Eigen tydskrift Doet Boersma

© doetboersma.nl
Nei Linda de Mol, Beau van Erven Dorens, Albert Verlinde en Ruud Gullit komt no ek de Fryske keunstneres Doet Boersma mei har eigen tydskrift: Doet The Magazine. It giet om in útjefte foar ien kear. Yn it tydskrift fertelt se oer har reis nei Amearika, it ôfrûne foarjier.
Doet The Magazine leit fan takom wike ôf yn de Fryske boekhannels. Der binne 1500 eksemplaren fan printe.