Friezen goaie soad ôffal fuort

24 jul 2012 - 08:08

Fryslân stiet yn de top trije as it giet om it tal kilo's ôffal dat de ynwenners ferline jier fuortgoaiden. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Gemiddeld hie in Fries yn 2011 631 kilo húshâldlik ôffal, dat is hast 100 kilo mear as it lanlik gemiddelde. Fryslân stiet dêrmei op it twadde plak, nei Seelân.

Neffens in wurdfierder fan Omrin is Fryslân net miljeu-ûnfreonliker as oare provinsjes. Fan ynfloed is ek it toerisme yn Fryslân en miljeustrjitten dêr't minsken har ôffal fergees hinne bringe kinne.

De ynwenners fan Oerisel hiene mei 497 kilo per persoan ferline jier it minste húshâldlik ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)