Helmholt ljept seizoenrekôr

23 jul 2012 - 22:30

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat moandeitejûn by de wedstryd yn Burgum in prachtich seizoenrekôr del set. Al by syn earste sprong kaam hy ta 21.18 meter. Sa fier wie der dit jier noch net sprong. Thewis Hobma út Ljouwert wie in goeie twadde mei 19.93. Rein van der Wal fan Parregea waard tredde. Hy helle 18.97.

By de froulju gie de winst nei Hiske Galama mei 15.05. Hans Ulco de Boer wie de bêste by de junioaren mei 18.34. Bobby Zwaagman wûn it by de jonges mei 16.78.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)