Fytspaad Terkaple-Goaiïngaryp

23 jul 2012 - 20:18

It fytspaad tusken Terkaple en Goaiïngaryp kin einlings oanlein wurde. De plannen foar in frijlizzend fytspaad neist de Fjildwei stean al jierren op it programma, mar koene oant no ta net útfierd wurde. Mei de oanlis fan dit stik fytspaad hat it hiele trajekt tusken De Jouwer en Terherne dan in frijlizzend fytspaad.

De kosten fan it fytspaad binne 3 ton, dêrfan betellet de provinsje 40 persint.

Trefwurden: 
fytspaad Fjildwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)