'Weed net op harddrugs-list'

23 jul 2012 - 19:54

Weed moat net op de list fan harddrugs komme, dat lost de problemen net op. Dat fynt coffeeshopeigner Gerrit Jan ten Bloemendaal fan coffeeshop 'De Os' yn Ljouwert. Hy reagearret op it nijs dat it tal kannabis-ferslaafden yn de provinsje de ôfrûne fiif jier ferdûbele is.

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân easket maatregels. Sa soe by weed stean moatte hoefolle fan de wurksume stof THC deryn sit. Neffens Ten Bloemendal is soks net helber want sa'n test is djoer en boppedat giet it om planten en dy kinne allegear in oar THC-gehalte ha.

Trefwurden: 
kannabis weed harddrugs-list
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)