Speure op it Waad mei telefoan

De Waadferiening hat in app foar de smartphone makke dêr't mei opsocht wurde kin wat der allegear krûpt, driuwt of groeit op it Waad en it strân. De app hat de namme Wadwaaier krigen. Der kin op twa ferskillende manieren opsocht wurde wat men fûn of sjoen hat, fia de kategoryen of fia eigenskippen lykas foarm en kleur. Dêrnei kin eventueel in foto makke en opstjoerd wurde, sadat oaren ek sjen kinne wat der fûn is.
De app is earst allinnich beskikber foar Android-telefoans.