In min seizoen foar maisboeren

It driget in tige min seizoen te wurden foar maisboeren. It wiete en benammen kâlde foarjier hat der foar soarge dat de planten lang sa grut net wurde as oars.
Benammen de bouboeren oan de kust hawwe lêst fan de lege temperatueren earder dit jier. Fierder de provinsje yn lykje de problemen ta te fallen. De boeren hoopje no op in protte sinne en waarmte. Allinnich dat kin de rispinge noch rêde.