Spulwike Appelskea útein set

23 jul 2012 - 15:10

It hie wat fuotten yn 'e ierde mar úteinlik kaam it allegear goed. De tradisjonele fakânsjespulwiken fan Eaststellingwerf yn de bosken fan Appelskea binne moandei begûn. In pear dagen lyn wie it noch mar de fraach oft it trochgean koe, omdat it terrein te rûch en gefaarlik wie om aktiviteiten mei bern te hâlden.

Der moast in nij plak komme foar de spulwike omdat it âlde plak, even fierderop, fanwege beskerme natoergebiet net geskikt mear wie. Moandei die bliken dat it terrein krekt op 'e tiid klear wie.

Sa'n 450 bern dogge de kommende trije wike mei oan de fakânsjespulwiken yn Nationaal Park Drents-Friese Wold yn Appelskea. De gemeente Eaststellingwerf wie moandei mei in swiere delegaasje fan twa wethâlders by de iepening fertsjintwurdige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)