Reparaasje brêge Kiestersyl

23 jul 2012 - 14:12

De brêge fan Kiestersyl by Frjentsjer kin woansdeitenacht net brûkt wurde troch ferkear. Der moat in spoedreparaasje dien wurde, omdat de fjouwer lagers yn de brêge skjin tenein binne.

It wurk begjint woansdeitejûn om tsien oere en duorret oant de folgjende moarn seis oere. Sa nedich kinne helptsjinsten wol oer de brêge.

Trefwurden: 
brêge reparaasje Kiestersyl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)