Balkster piloat makket it goed

23 jul 2012 - 12:25

De Balkster piloat Erik Jan Hobma en syn suster dy't snein oer de kop sloegen by in needlâning yn Starum, meitsje it poerbêst. De motor fan it lichte fleantuchje hâlde der yn de loft mei op, seit Hobma, wêrnei't hy in plak socht foar in needlâning. Dat stik lân bliek oan de wiete kant en troch in greppel, gie it tastel nei de lâning oer de kop.

Hobma en syn suster koene lykwols gewoan útstappe en ek it tastel rekke net skânsearre. Hobma hat sûnt 1992 syn fleanbrevet, it wie syn earste needlâning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)