Grouster kuiert oer de A32
In ynwenner fan Grou is sneintemoarn betiid troch de plysje op de bon slingere, omdat er op de flechtstrook fan autodyk A32 by Nes rûn. In automobilist hie de 20-jierrige man sjoen en warskôge de plysje.
Dy konstatearre dat der sprake wie fan it drinken fan tefolle alkoholhâldende drank. De man hat in bekeuring fan 340 euro krigen.