Ljouwerter ferfelend op Flylân

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In Ljouwerter (19) hat sneintenacht op Flylân in boete fan 340 euro oplein krigen. De man soarge troch tefolle drank foar problemen yn de Doarpsstrjitte. Hy begûn der ûnder oare mei terrasstuollen te slepen, neidat er út in hoarekagelegenheid set wie.
De man waard oanhâlden troch in tal Flylanners, dy't him oerdroegen oan de plysje. Dy hat de man meinaam nei it plysjeburo en him dêr de boete útdield.