Hoanne fan toer Balk stellen

23 jul 2012 - 10:16

De plysje hat in 41-jierrige ynwenner fan Balk oppakt, neidat dy de hoanne fan de toer yn it doarp stellen hie. Dy toer oan de Riedhússtrjitte stiet op dit stuit yn 'e steigers. Plysjes seagen dat in tal manlju sneintejûn yn dy steigers klommen en dat ien fan har de hoanne fan de toer helle.

De man is dêrop troch de plysje oanhâlden. De oare manlju binne ûntkaam. De hoanne is yntusken wer werom fûn.

Trefwurden: 
Balk toer hoanne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)