Soolsma op proef by Cambuur

23 jul 2012 - 10:13
  • Cambuur shirt

Nick Soolsma traint de kommende wike op proef mei by Sportklup Cambuur. De rjochtsbûten spile it ôfrûne jier by Toronto yn de Major League Soccer (Amearika) mar dêr waard syn kontrakt net ferlingd.

Soolsma begûn yn de jeugdoplieding fan PSV mar dêr bruts hy net troch. Hy besocht it by Haarlem mar ek dêr slagge it net. De oanfaller rjochte him dêrnei op syn stúdzje en fuotballe by de amateurs. Nei syn stúdzje ferhuze hy nei Amearika en no hopet hy op it nije kâns yn in Nederlânske proffuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)