Ekstra bussen nei PC en Snits

23 jul 2012 - 10:06
  • Connexxion

Connexxion set ek dizze simmer ekstra bussen yn yn Fryslân. Op woansdei 1 augustus ride der bussen nei it Sjûkelân yn Frjentsjer, dêr wurdt dy dei de PC ferkeatst. De bussen folgje fiif rûtes troch Fryslân en bringe jûns besikers ek wer werom.

In pear dagen letter begjint Connexxion mei de Snitsermarbus. Dy bringt besikers fan de Snitswike fan it treinstasjon nei de mar. De bus docht dat fan 3 oant en mei 9 augustus. De bus begjint moarns om kertier foar njoggenen en rydt oant nachts tsien foar fjouweren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)