Waddenzee.nl sil útwreidzje

23 jul 2012 - 09:51

De webside Waddenzee.nl wurdt útwreide. Op dit stuit sette allinnich de Waad-gemeenten, de provinsje en it ryk berjochten op de side. Mei yngong fan 1 augustus sille ek Tresoar, it Waadfûns en de Waadakademy ynformaasje oanleverje.

De Waadakademy sil de side benammen brûke om de kennis oer it Waadgebiet te dielen. Tresoar sil foto's, kaarten filmmateriaal oanleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)