Snitswike krijt wielerronde

23 jul 2012 - 07:39
  • Wetterpoarte Snits
  • It logo fan 'e Wielerronde fan 'e Snitswike

De Snitswike krijt syn eigen wielerronde. Dy wurdt foar it earst ferriden op sneontejûn 11 augustus, as ôfsluter fan de wike. Der kin oan meidien wurde troch B-profs, elite, belofte en amateurs. De start en finish binne op de Marktstrjitte, it parkoer giet troch it sintrum fan de stêd.

De 'Sneekweek Wielerronde' wurdt organisearre troch de Wielerferiening Snits. Publyk mei der fergees nei sjen. Der wurdt rekkene op in soad taskôgers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)