Gedichten by Open Stal-rûte

23 jul 2012 - 06:34

By de keunstrûte Open Stal, dy't fanôf sneon yn de Stellingwerven hâlden wurdt, binne dit jier ek gedichten te hearren. It giet om wurk fan fjouwer Stellingwerver dichters, dat spesjaal foar de gelegenheid opnaam is yn de studio fan lokale omrop Odrie.

It giet om gedichten fan Johan Veenstra, Roely Bakker, Harmen Houtman en Christine Mulder. It wurk is te hearen yn it gebou fan de Stellingwarver Schrieversronte yn Aldeberkeap. It idee komt fan Peter Hiemstra, de foarsitter fan de stichting Open Stal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)