Man oanhâlden mei slok op

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige ynwenner fan De Lemmer is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. Aginten seagen de man mei hege snelheid oer de Flevostrjitte op De Lemmer riden. Hy waard hjirop oan de kant set. De man hie gjin identifikaasje of rydbewiis by him, en út in blaastest die bliken dat er dronken hie.
De man fersette him by de oanhâlding en wie ferfelend doe't er achter yn de plysjeauto siet. Hy hat in proses-ferbaal krigen.