Ljouwerter naait út

22 jul 2012 - 15:12

Twa manlju út Ljouwert binne sneontemiddei oanhâlden om't se net meiwurken mei de plysje. De plysje krige in melding fan in rûzje op de Zwitserswaltje yn de stêd. Doe't se dêr oankamen woe in 28-jierrige Ljouwerter him net identifisearje. De aginten woene him dêrop meinimmen nei it buro. De man seach dit lykwols net sitten en naaide út.

De plysje koe him nei in koarte achterfolging op de Herenstraat oppakke. In oare man bemuoide him mei de oanhâlding. Ek hy moast mei nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)