Sjitterij yn Harns

Pistoal © Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in fjochtpartij yn Harns, yn de nacht fan sneon op snein. Yn it begjin fan de nacht krigen twa manlju op de Kleine Bredeplaats en de Voorstraat rûzje mei twa oaren. Hjirby waarden ûnder oare in mes en in gewear brûkt. Der is ferskate kearen sketten.
By in earste ûndersyk kaam in 48-jierrige man fan Frjentsjer nei foaren as mooglike fertochte. Hy is yn Harns oanhâlden foar mishanneling, bedriging en ferbean wapenbesit. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht en de oare belutsenen. .
De oarsaak fan it skeel leit neffens de plysje yn de 'relasjonele sfear'.