45 iken fuorthelje
De gemeente Skarsterlân wol 45 iken kappe oan de Sewei op De Jouwer. De beammen groeie net goed en bliuwe te lyts. Dat komt troch in minne ûndergrûn. Meikoarten wurde de dyk en it fytspaad renoveard.
Foar de 45 beammen tusken it fytspaad en de dyk wurdt dan in kapfergunning oanfrege. Der komme 37 nije beammen foar wer werom. Nei alle gedachten binne dat ek iken.