Yllegale reklame moat fuort

22 jul 2012 - 11:34
  • Drachten

De gemeente Smellingerlân sil stranger optrede tsjin partikulieren en bedriuwen dy't yllegale reklames delsette neist haadwegen yn Drachten. It giet ûnder oaren om de A7, de Wâldwei en de Noarder- en Suderhegewei.

Ut in ynventarisaasje docht bliken dat mar 14 bedriuwen in fergunning hawwe. 18 oaren hawwe in fergunning foar ien reklame-utering, mar brûke der mear. Dat is net tastien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)