Asylsikers hâlde demonstraasje

In groep fan sa'n 55 útprosedearre Iraakse asylsikers hâldt tiisdei in freedsume demonstraasje foar it gemeentehûs fan Drachten. De asylsikers sieten earst yn in tintekamp yn Ter Apel. Doe't dat opdoekt waard, binne se yn it AZC yn Drachten pleatst. De asylsikers moatte werom nei Irak omdat se útprosedearre binne, mar dat lân wol se net ha.
De asylsikers wolle mei de demonstraasje omtinken freegje foar harren situaasje.