Kokaïne yn fuotbalstadion

22 jul 2012 - 11:20

Under de jonge hurde kearn fan SC Hearrenfean is sprake fan kokaïnegebrûk. Dat stiet yn in ûndersyksrapport fan it Auditteam Voetbal en Veiligheid. RTL Nieuws hat de rapporten oer de fuotbalklups op in rychje set.

Der hat him in ferfelend groepke supporters ûntwikkele dat fans fan oare klups mear útdaget as oars, stiet der yn it rapport. Mei de feiligens yn it stadion is it prima steld. Der is in goeie gearwurking tusken SC Hearrenfean, de plysje en de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)