Helmholt kening yn eigen doarp

21 jul 2012 - 22:39

Bart Helmholt hat mei in sprong fan 20.36 meter it keningsljeppen yn Burgum wûn. Dat die er yn syn alderlêste sprong. Yn de reguliere kompetysje wie Helmholt al ta 20.35 kaam, mar by it keningsljeppen begjinne de finalisten allegear wer mei in skjin laai.

Hilianne van der Wal fan Noardburgum waard keninginne mei 15.30, in persoanlik rekôr. Yn de foarronde ljepte Klaske Nauta 15.94, ek in pr. Tom Hoekstra fan Drylts waard prins yn Burgum. Hy wûn de finale mei 17.47. Jan Teade Nauta, ek fan Drylts, ljepte yn de gewoane wedstriid 17.62.

Trefwurden: 
fierljeppen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)