Slaanderij yn Jobbegea

21 jul 2012 - 14:47
  • Geweld

In Jobbegeaster (25) is freed mishannele troch in 18-jierrige plakgenoat. De twa hiene spul mei-inoar krigen. De 25-jierrige waard slein en rekke ferwûne oan 'e holle en it skouder.

De fertochte is letter oanholden. Wêrom't de twa krekt spul hiene is de plysje noch net rjocht dúdlik. De plysje docht fierder ûndersyk yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)