Schuil yn kwartfinale

Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor
Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor begjinne flak foar de Olympyske Spelen yn Londen aardich yn foarm te reitsjen. De manlju hawwe sneon de kwartfinale berikt fan it grandslamtoernoai fan Klagenfurt.
It Nederlânske duo wie yn de haadstêd fan de Eastenrykse dielsteat Karintië yn trije sets te sterk foar it Switserske duo Sebastian Chevallier en Sascha Heyer. De setstannen wiene 21-18, 19-21 en 15-12. Se meie it no opnimme tsjin it sterke Sineeske koppel Wu/Xu.